Gisteren vergaderde de raad van De Fryske Marren over het veenweideprogramma van Provincie Fryslan en Wetterskip Fryslan. De zienswijze die het college ons voorstelde in te dienen op dit programma kon niet rekenen op een meerderheid. Anne Mercuur stelde namens onze fractie (en meerdere partijen) een aangepaste zienswijze voor waarin de de provincie en wetterskip tot o.a. het volgende oproepen:

- neem de gemeentes mee
- zet volop in op een brede gebiedstransitie
- heb meer aandacht voor de funderingsproblematiek

Hieronder onze bijdrage bij dit punt.

It feangreideprogramma, en ús sjenswize dêrop. Dêr moatte we it jûn oer ha.

In probleem dat hieltyd tichter by komt, en in diskusje dy’t al lang spilet, en no pas yn dit fermidden bepraat wurdt. It programma sa’t it der no leit is in polderprogramma. Fan beide kanten binne partijen der net allegear like bliid mei, mar kin se har ek yn delen wol fine. Elk wit dat der wat barre moat, mar wannear, hoe gau en yn hokker mjitte we fêsthâlde moatte oan it besteande, deroer wurdt fan miening ferskild.

It programma sa’t provinsje en wetterskip dat no foarstelle is dan ek it resultaat fan lang polderjen. Iederien wurdt meinommen. It moat fan ûnderop komme. Begjinne mei pilots en fan derút útbouwe. Maatwurk is wichtich. Dat is allegear moai, mar de fraach is: giet it dan wol hurd genôch? En wurdt de grûneigners, de boeren, sa wol genôch perspektyf bean? Mei sa folle iepen fragen yn de takomst. Foar in takomstbestendige ynfolling fan it feangreidegebied moatte oerheden tegearre mei de boeren perspektyf sykje. Mar de angst is dat hja op mekoar wachtsje. It is ommers net neat, sa’n nij paad ynslaan. Der is in soad fertrouwen foar nedich.

De fraach oan ús is no wat ús gemeente no eins fynt fan it programma, en oft we fine dat der noch wat oanpast wurde moat.

Der wie yn earste ynstânsje in sjenswize opsteld troch de mienskiplike 8 feangreidegemeenten, mar ús kolleezje hat der foar keazen dy oan te pasjen.

Net allinnich it programma is dus it resultaat fan polderjen. Dizze sjenswize blykber ek.

Wy fine der in pear dingen fan.

De inisjele sjenswize wie al frij lang en wollich. De oanpassings fan it kolleezje ha dat der net better op makke. De mitsen en maren en eventueels en zonodig en zou kunnen fleane je om de earen. Wy fine, at we as gemeente wat fine fan it programma, lit ús dat dan dúdlik ferwurdzje. En, ek net ûnbelangryk, litte wy ek besykje sa folle mooglik oan te sluten by de oare feangreidegemeentes, om sa as earste oerheden in gruttendiels mienskiplik lûd hearre te litten.

We ha derom tegearre mei oare partijen in amendemint makke, weryn’t we foarstelle in oare sjenswize yn te tsjinjen dan de no foarstelde. Dy oare partijen binne FNP, PvdA, CU, D66 en NCPN. We wolle de inisjele, mienskiplike sjenswize yntsjinje. Mei dêryn dúdlik oanjûn wêr’t foar ús gemeente de aksinten lizze. Wat we feroare ha ten opsichte fan it orizjineel is yn read oanjûn yn de taheakke alternative sjenswize. In yntroduksje tekst op pagina 1, en oanskerpings ûnder kopke brede transysje, en it kopke fundearringsproblematyk. Koart gearfette wolle wy, en ik sitearje fan pagina 1 fan de alternative sjenswize:

…in deze zienswijze met klem wijzen op de urgentie van de problematiek en u opdragen volop in te zetten op een brede transitie en daarin alle betrokkenen, dus ook de gemeenteraden, mee te nemen.

We werken dit hieronder uit in de zienswijze. Voor gemeente De Fryske Marren zijn de volgende punten het meest van belang:

Een gelijkwaardiger positie voor gemeenten (en gemeenteraden) is noodzakelijk

Er moet meer ingezet worden op een brede gebiedstransitie

Meer aandacht voor funderingsproblematiek

Ik wol no , fan út de fraksje fan Grienlinks, taljochtsje werom dizze punten foar ús wichtich binne.

Wat it earste punt oangiet, wy fine it wichtich dat we as gemeenten goed meinommen wurde yn dit ferhaal, en aanst ek foaral yn de útfiering. De gemeente is de earste oerheid foar de ynwenners en ûndernimmers dy’t it oangiet, en derneist giet it oer ús lânskip. Wy soene in grutte stim ha moatte yn hoe’t wy de ferskate feangreidegebieten yn de takomst ynrjochtsje wolle. Fraach oan de portefeuillehâlder is dan ek hoe\t hy dit proses foar him sjocht.

Dan it twadde punt, oer de brede gebiedstransysje. Wy fine it in miste kâns as dizze problematyk puur en allinnich sjoen wurdt as in wetter of lânbou probleem. It is in probleem fan ús allegear, wat folle fierder strekt. Sa’t ek yn de sjenswize stiet, as wy grutte útdagings lykas klimaatadaptaasje, enerzjytransysje en biodiversiteit foar eagen hawwe, dan is der op termyn mear feroaring nedich yn it gebied.

Wat jild foar de hiele wrâld om ús hinne, jildt ek yn it lyts foar it feangreidegebied. Wy ha iuwen lang gebrûk meitsje kind fan fruchtbere grûn. De leste 50 jier ha we mei ús allen te folle frege, en no sitte we op in dearinnend spoar. De wâl keart it skip, en we sille ús opnij oanpasje moatte. Dêrom wolle mei klem pleitsje foar in bredere blik op de transysje yn dit gebied. Co2 reduksje, it fergrutsjen fan biodiversiteit, of it opwekken fan duorsume enerzjy binne gjin tafallige koppelkânsen. Dat binne ús wichtichste doelstellings, en dan bedoel ik ús yn de breedste sin fan it wurd, as bewenners fan dizze wrâld.

It tredde punt is dat wy mear oandacht freegje foar de fundearringsproblematyk. Derom ha we de tekst yn de inisjele sjenswize oanpast. Wy wolle oer dat ûnderwerp ek noch in moasje yntsjinje mei deselde partijen (dus Grienlinks, FNP, PvdA, CU, NCPN en D66) om te ûndersykjen wat it foar ús gemeente betsjutte soe om mei te dwaan oan it fonds duurzaam funderingsherstel. Dit is revolvearjend fûns dêr’t ek it ryk 20 miljoen yn stoarte hat. It is bedoeld foar wenningeigners dy’t skea ûnderfine dy’t it gefolch is fan it leech hâlden fan it wetterpeil, en dy’t net yn oanmerking komme foar in reguliere liening. It is nammentlik sa dat der noch gjin tegemoetkoming fan út it ryk ferwachte wurde kin, en minsken sels opdraaie foar de kosten fan herstel. Der kinne minsken tusken sitte dy’t net yn oanmerking komme foar in liening by de bank. Foar dy groep is dit fûns in oerbruggingsoplossing. As gemeente kinne wy deryn partisipeare, sadat ek ynwenners út ús gemeente der in berop op dwaan kinne. Omdat we noch gjin sicht ha op de omfang en it hoe en wat hjirfan, wolle we it kolleezje freegje om, en ik sitear it diktum:

Te onderzoeken hoe groot de groep gedupeerden in onze gemeente is die in aanmerking komt voor steun van het Fonds Duurzaam Funderingsherstel;

Op basis van die inventarisatie de raad voor mei 2021 voor te leggen wat het in zou houden en zou kosten om deel te nemen aan dit fonds;

Met de provincie en het waterschap in overleg te treden over hun rol t.o.v. dit fonds;

De raad te informeren over de voortgang.